Jonge bedrige yn Ljouwert, mooglik sketten út auto

01 mrt 2020 - 20:08

Yn Ljouwert hat sneintejûn mooglik in sjitynsidint west yn de Essenstraat. In jonge soe bedrige wêze en dêrby is mooglik yn de loft sketten út in auto wei. De jonge is dêrby net ferwûne rekke, seit de plysje.

Foto: ProNews

De plysje is teplak en docht ûndersyk. Dêrby drage se kûgelkearende fêsten. De strjitte is ticht. De plysje praat mei de persoan dy't de melding dien hat, om út te sykjen wat der krekt bard is.

(advertinsje)
(advertinsje)