Jonge teätermakkers bringe in bysûndere foarstelling: Beste Jonas

01 mrt 2020 - 19:13

In groep âld-learlingen fan MUZT Musicaloplieding (Snits) komt mei in muzykteäterfoarstelling: Beste Jonas. De spilers binne allegear om de tweintich jier hinne, krekt as de skriuwer en regisseur fan it stik, Jovan Smilda. It stik is makke út it projekt The Stage is Yours.

In sêne út Beste Jonas - Foto: Karin Calf

The Stage Is Yours is in inisjatyf fan Cultuur Kwartier Sneek om de jongerein te belûken by it kulturele oanbod yn Snits en omkriten. It doel is dat jongeren sels oan de slach geane mei nije produksjes.

Skriuwer en regisseur Jovan Smilda hat earst fjouwer jier de MUZT-oplieding yn Snits dien en is no treddejiers studint oan ArtEZ yn Zwolle, dêr't er studearret foar teäterdosint en -makker. Smilda hat it stik Beste Jonas sels skreaun. It is in bewurking fan it boek 'Dear Evan Hansen' fan Steven Levenson dêr't ek in hiel suksesfolle Broadwaymusical fan makke is.

Druk fan sosjale media

'Beste Jonas' giet oer in jonge dy't troch de druk fan sosjale media twivelet oer selsmoard. It ferhaal krijt in draai as hy troch in ûnferwacht barren yn in hiele nije posysje komt. De foarstelling giet oer de ynfloed fan pesten, de rol fan famylje en leafde en bringt in belangryk boadskip. Dat boadskip wurdt ferpakt yn in foarstelling mei sjongnûmers, hilaryske personaazjes en hjir en dêr in minne grap.

Jovan hopet dat in soad jongeren it paad nei it keunstsintrum Atrium - dêr't de foarstelling spile wurdt - fine sille omdat it in stik is dat him hielendal yn de wrâld fan de jongerein ôfspilet. De foarstelling fan snein 1 maart is útferkocht. Op 31 maaie spylje de jonge teätermakkers it stik nochris.

Yn it radioprogramma Buro de Vries fertelle Jovan Smilda en spiler Bauke Haanstra oer de foarstelling.

Jovan Smilda en Bauke Haanstra fertelle oer Beste Jonas

(advertinsje)
(advertinsje)