Gruthannel hâldt op mei priuwerijen om coronafirus

01 mrt 2020 - 18:53

De gruthannel Makro yn Ljouwert hat maatregels nommen fanwegen it coronafirus. Se hâlde op mei de priuwerijen yn it filiaal. Ek binne desynfeksjemiddels foar in grut part útferkocht. Dat wie ek al sa yn in protte Fryske supermerken.

Gjin priuwerijen mear yn de Makro - Foto: Kappers Media

Snein makke it RIVM bekend dat it tal coronagefallen yn Nederlân no op tsien leit. Tongersdeitejûn 27 febrewaris waard it earste besmettingsgefal yn Nederlân fêststeld. Doe waard in man opnommen yn in sikehûs yn Tilburg. De dagen dêrnei kamen dêr mear gefallen by: Amsterdam, Delft, Gorinchem en Coevorden.

Troch it earste coronagefal yn de noardlike provinsjes (Coevorden), komme der by de Meldkeamer Noard-Nederlân in soad telefoantsjes binnen mei fragen oer it coronafirus. De meldkeamer lit witte dat minsken foar dy fragen yn earste ynstânsje by de regionale GGD wêze moatte. As dat net slagget, dan kinne minsken teplak by in telefoannûmer dat it RIVM spesjaal foar it coronafirus ynsteld hat: 0800 - 1351.

Gjin foarried mear

Lykas yn Fryslân ha winkels lanlik hast gjin foarried mear yn sjippe en hângel. By guon winkels jildt in maksimum yn hoefolle oft klanten bestelle kinne, by oaren is it oanbod al hielendal útferkocht.

Sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean hat sân isolaasjekeamers foar besmette pasjinten:

Trefwurden: 
RIVM coronafirus Makro
(advertinsje)
(advertinsje)