UNIS Flyers nasjonaal kampioen nei winst yn thriller

De iishockeyers fan de UNIS Flyers binne Nederlânsk kampioen wurden. Snein wûn de ploech op It Hearrenfean mei 4-2 fan HIJS Den Haag yn de finale om de lânstitel. De Fryske ploech kaam twa kear werom fan in efterstân. It is de tsiende kear dat de Flyers kampioen wurde fan Nederlân.
UNIS Flyers nasjonaal kampioen nei winst yn thriller
Foar it earst sûnt 15 jier wie de iishockeyhal yn It Hearrenfean mei goed trije tûzen minsken wer útferkocht.
De besikers kamen healwei de earste perioade op foarsprong. Mei in man minder ûnderskepte Den Haag de puck en Stace van Bentem wurke de 0-1 efter Martijn Oosterwijk. Letter hiene de Flyers opnij powerplay en no skoarden de Feansters sels. Trevor Petersen soarge foar de lykmakker.
© Margo Mulder
Betiid yn de twadde perioade kamen de Flyers opnij op efterstân. Donny van Musscher skeat heech de 1-2 binnen. Flak foar de ein fan dy perioade krigen de besikers ek noch in grutte kâns om de foarsprong te fergrutsjen mei in penalty shot, mar dat koe Oosterwijk foarkomme.

Spektakulêre omkear

De Flyers soargen yn de lêste perioade foar in spektakulêre omkear. Trevor Petersen skoarde, opnij mei powerplay, de wichtige lykmakker. In pear minuten letter sette Marc Nijland de thúsploech sels op foarsprong, nei in útbraak. Oanfierder Trevor Hunt makke yn de lêste minút dien wurk. Hy profitearre derfan dat Den Haag sûnder goalie spile: 4-2.
Dêrnei wie it noch even ûnrêstich op it iis, dat wie net foar it earst yn dizze finale. Den Haag-spiler Van Musscher waard noch nei de klaaikeamer stjoerd. Nei de opskuor wiene der noch trettjin sekonden te spyljen. Dêrnei koe de ploech fan Mike Nason de titel fiere.
Ferslachjouwer Freark Wijma oer de slotfaze fan de wedstriid
© Margo Mulder
De Nederlânsk kampioen wurdt bepaald troch in wedstriid tusken de twa best klassearre Nederlânske teams yn de BeNe League. Dat binne de Flyers en Den Haach. De Flyers spylje thús om't se heger einige binne. Hjirnei binne noch de play-offs om de titel fan de BeNe League.