Emosjonele Antoinette de Jong: “Dit doch ik foar myn heit en mem”

01 mrt 2020 - 17:24

"Dit is sa moai. Foar my, mar ek foar myn âlders." Antoinette de Jong waard op it wrâldkampioenskip allround yn Hamar tredde nei de spannende ôfslutende 5.000 meter. "Sneon wie alles min, mar no falt alles goed."

In emosjonele Antoinette de Jong nei it brûns op it WK:

De emoasjes gierden troch it Vikingskip-stadion, doe't dúdlik waard dat Antoinette de Jong tredde waard. De Jong like fjirde te wurden, mar har konkurrint Melissa Wijfje klapte yn har lêste ronde hielendal yn. Dêrtroch pakte De Jong mei minimaal ferskil in brûnzen medalje. "Ik tocht: huh? Hoe kin dit no? Jac (Orie, rêd.) sei al dat it net mear koe. Mar ik seach ynienen de tiid oprinnen. En fan in foarsprong by it yngean fan de lêste ronde, gong it nei in efterstân foar Melissa. Ik tocht: nee, dit kin net. Mar it koe wol."

"Och, wat moai"

Omrop Fryslân filme de heit en mem fan Antoinette en har freon Coen Rijpma. Dy wiene ferskriklik bliid. Nei't De Jong de bylden seach, waard se emosjoneel. De bylden rekken har: "Och, wat moai. Oh memmy, toch", seit se as se sjocht hoe't har mem de triennen fuort faget.

"Myn heit en mem libje hiel bot mei. En myn pake en beppe. En myn freon fansels ek." Antoinette slikket efkes. "Witst, se komme hjir dan nei ta en dan ryd ik sa min. Ik wol dan sa graach wat moais sjen litte en dan wol dat no wol en dan binne se sa bliid."

Wat werom dwaan

De druk komt der dan by Antoinette út. "Ja, hiel folle oaren ride foar oaren of foar harren sels, mar ik doch it foaral foar myn heit en mem. Omdat sy ek safolle dien ha foar my en dan kin ik no wat werom dwaan. Dat fielt gewoan goed."

(advertinsje)
(advertinsje)