Ireen Wüst: "Deze is zo mooi, omdat het geen gemakkelijke route was"

01 mrt 2020 - 16:47

"Het zegt me heel veel. Ik ben er heel trots op dat dit is gelukt. Enorm blij ook." Ireen Wüst is ferromme en ferskriklik grutsk nei it beheljen fan har sânde wrâldtitel allround. Wüst behelle snein mei oermacht de allroundtitel yn it Noarske Hamar.

Ireen Wüst oer har sânde wrâldtitel:

Wüst hie by it yngean fan de lêste ôfstân in aardige foarsprong op har konkurrint Ivanie Blondin. Har foarbliuwe soe genôch wêze, dat wie wol dúdlik. "Dus ik zat te wachten op een aanval. Ik nam gewoon de leiding, zat te wachten op een aanval om die te pareren, maar die kwam niet. Dus dat voelt wel goed."

De oerwinning liket ienfâldich ta stân te kommen, wylst dat net sa is fansels. "Overmacht? Dat weet ik niet. Achteraf is altijd makkelijk praten, hè."

Ireen Wüst mei har âlden en Letitia de Jong - Foto: www.orange-pictures.nl

Wüst is foaral grutsk hoe't it dit seizoen gong is. Se gong dit seizoen foar de wrâldtitel op de 1500 meter. Dy helle se twa wiken lyn al binnen yn Salt Lake City. "Deze is mooi omdat het geen gemakkelijke route was. Ik heb daarom dit jaar geen drie kilometers kunnen rijden. Als je dan uiteindelijk toch nog wel wereldkampioen allround wordt, is dat wel speciaal."

Takom wike folget noch de wrâldbekerfinale op It Hearrenfean. "Een perfect seizoen? Ook nog Europees kampioen op de 1500 meter. Dit is wel een feestje waard. Ik ga vanavond wel even met Letitia en m'n ouders een wijntje drinken."

(advertinsje)
(advertinsje)