Omwenner brân Easterwâlde: "Buiten was het een vlammenzee"

01 mrt 2020 - 16:45

Wynand Tuinstra út Easterwâlde lei yn de nacht fan sneon op snein hast te sliepen doe't er wat frjemds rûkte. "Ik dacht, dit klopt niet helemaal. Ik hoorde ook behoorlijk wat knallen daarna. Dan ga je toch even kijken met je moeder en je broertje", fertelt Tuinstra. Wat se seagen, wie in grutte, swarte reekwolk. "En eenmaal buiten was het een vlammenzee."

"Toen zijn we uit de rook gaan lopen", fertelt Tuinstra. Al gau wie de plysje derby. "Die heeft twee huizen ontruimd en ik heb zelf ook twee huizen ontruimd." Dêrnei moasten se efter in lint wachtsje oant útsocht wie wêr't se teplak koene. Uteinlik waarden yn totaal tolve minsken opfongen by in âldereintehûs.

Dêr koördinearre Foppe Visser de boel. "De stimming wie prima, de minsken wiene rêstich. Se wiene wol benijd nei wat der barde, mar fierder wie it rêstich. Der sieten in pear bern by, dy ha hjir gewoan sliept."

Hûs fol reek

De measte minsken koene oan it begjin fan de middei wer nei hûs ta of nei famylje. "Ik ben vanochtend heel even terug geweest", seit Tuinstra. "Maar het huis stond vol rook. Dus ik was er maar een paar minuten. Ik ben niet bang geweest dat het vuur over zou slaan, maar je denkt wel: wat nou als dat ene vonkje net verkeerd valt?"

By de brân yn Easterwâlde is in loads fan sa'n 80 by 120 meter yn 'e jiske lein. De technyske resjerzje docht ûndersyk nei de oarsaak fan de brân. It is no 'plak delikt'. Oft de brân wat te krijen hat mei de grutte plysje-aksje earder dizze wike yn ûnder oare Easterwâlde, kin de plysje noch net sizze.

Ik hoopje fansels dat it net mei de ynfallen te krijen hat, mar we moatte wachtsje wat it ûndersyk opsmyt.

Boargemaster Harry Oosterman

Boargemaster Harry Oosterman fan Eaststellingwerf hat yn alle gefallen "gjin flau idee". Fierder is it foaral in kwestje fan geduld. "Ik hoopje fansels dat it net mei de ynfallen te krijen hat, mar we moatte wachtsje wat it ûndersyk opsmyt." De ôfstân tusken de útbrânde loads en de kringloopwinkel dêr't de ynfal wie, is mar lyts. "Mar oft der in ferbân is, dat wit ik net."

Boargemaster Harry Oosterman:

Trefwurden: 
brân Easterwâlde
(advertinsje)
(advertinsje)