Ireen Wüst wint foar de sânde kear WK allround, brûns foar Antoinette de Jong

01 mrt 2020 - 15:15

Reedrydster Ireen Wüst is foar de sânde kear yn har karriêre wrâldkampioen allround wurden. Op de slotôfstân, de 5.000 meter, kaam Wüst har lieding yn it klassemint nea yn gefaar. Antoinette de Jong lei yn it Noarske Hamar beslach op it brûns. Dêrtuskenyn siet noch Ivanie Blondin út Kanada.

Ireen Wüst - Foto: www.orange-pictures.nl

Wüst rydt it hiele wykein al sterk. Se begûn it toernoai mei in fjirde plak op de 500 meter. Dêrmei naam se al wat ôfstân fan de grutste konkurrinten om de wrâldtitel. Op de 3.000 meter waard se tredde, wêrmei't se de lieding yn it klassemint pakte. Snein wreide se dy foarsprong út, troch de 1.500 meter yn in baanrekôr te winnen.

Op de 5.000 meter, de lêste ôfstân fan it toernoai, naam Wüst it yn de lêste rit op tsjin Blondin. Wüst ferdigene in foarsprong fan 6,60 sekonde. De wrâldtitel kaam op de 5.000 meter gjin momint yn gefaar. Wüst bleau Blondin lang foar. De Brabânske Friezinne kaam net oan de tiid fan Martina Sáblíková, dy't de 5.000 meter wûn. Mar de 7.01,68 wie mear as genôch om de lieding yn it klassemint te hâlden.

De lêste kear dat Wüst de wrâldtitel allround pakte, wie yn 2017. Dêrnei wûn se sulver yn 2018 en ferline jier waard se fiifde. Earder waard se wrâldkampioene allround yn 2007, 2011, 2012, 2013 en 2014.

De Jonge pakt brûns

Antoinette de Jong naam it yn de twadde rit op tsjin fiiffâldich wrâldkampioene allround Martina Sáblíková. De Friezinne moast in foarsprong fan sa'n njoggen sekonden op de Tsjechyske ferdigenje. Dat like te slagjen, want it ferskil yn de rit bleau lang beheind ta in pear sekonden. Letter yn de rit naam Sáblíková hieltyd mear ôfstân, mar De Jong hold noch krekt genôch oer om har foar te bliuwen yn it klassemint. Se ried 7.02,79, Sáblíková 6.53,94.

In rit letter seach De Jong dat Melissa Wijfje, dy't foar it Gewest Fryslân rydt, 2,5 sekonde stadiger wie. Dêrmei helle De Jong har lângenoate yn. Sa pakt se dochs in medalje, nei in min begjin oan it WK allround. It is de tredde kear dat De Jong in brûnzen medalje pakt op it WK allround. Earder prestearre se dat al yn Berlyn yn 2016 en ferline jier yn Calgary.

Einstân WK allround

1. Ireen Wüst 159.524
2. Ivanie Blondin 160.462
3. Antoinette de Jong 160.631
4. Martina Sáblíková 160.639
5. Melissa Wijfje 160.711
(advertinsje)
(advertinsje)