Noppert ûnderút tsjin wrâldkampioen Wright yn België

01 mrt 2020 - 14:41

Darter Danny Noppert fan De Jouwer is sneintemiddei op de finaledei fan it Belgian Darts Championship yn Hasselt útskeakele. Yn syn partij yn de tredde ronde ferlear Noppert mei 6-3 fan regearjend wrâldkampioen Peter Wright út Skotlân.

Foto: www.orange-pictures.nl

It begjin fan de wedstriid helle beide manlju in heech nivo, mei in puntetrochsneed fan fier boppe de hûndert. Oant 2-2 gie de wedstriid lykop, dêrnei koe Noppert it nivo net mear folhâlde. Wrâldkampioen Wright sette troch en smiet mei in finish fan 89 de wedstriid út: 6-3.

Nettsjinsteande it ferlies pakt de Jouster darter mei syn tredde ronde wer in goed resultaat foar de wrâldranglist. Nei it wykein klimt Noppert nei alle gedachten nei it 26ste plak fan de wrâld.

Der binne yn 2020 yn totaal tolve European Tours yn hiel Europa. De resultaten fan dy toernoaien binne wichtich foar pleatsing foar it Europeesk kampioenskip, dat as ôfsluting plakfynt. Ien fan de European Tours is yn septimber yn it WTC Expo yn Ljouwert.

(advertinsje)
(advertinsje)