Earste omwenners brân Easterwâlde werom nei hûs

01 mrt 2020 - 14:36

De earste omwenners fan de grutte brân yn Easterwâlde binne wer werom yn harren hûs. Troch de brânwacht wurdt der wenning foar wenning metten nei skealike stoffen. De earste bewenners koenen om 14.00 oere hinne wer werom nei harren hûs.

Foto: ProNews

Troch de brân waard in loads fan 80 by 120 meter folslein yn 'e jiske lein. Acht wenningen waarden ûntromme. De bewenners koenen opfongen wurde yn in âldereintehûs yn de buert.

De plysje ropt tsjûgen op harren te melden en is mei de technyske resjerzje in ûndersyk begûn. De loads is ta 'plak delikt' beneamd.

De brân is yntusken ûnder kontrôle, mar der moat noch de hiele dei troch de brânwacht wurke wurde oan de neisleep.

Ferslachjouwer Wendy Kennedy is al de hiele dei yn Easterwâlde

Trefwurden: 
brân Easterwâlde
(advertinsje)
(advertinsje)