FIDEO: Fryske coaches Eldering en Kuiper op WK yn Hamar

01 mrt 2020 - 14:10

Fjouwer Fryske reedriders dogge dit wykein mei oan it WK sprint en allround yn Hamar. Mar der binne ek trije Fryske coaches oanwêzich. Sneon sprutsen we mei Henk Hospes, snein dogge we dat mei Remmelt Eldering en Geert Kuiper. Se wurkje beiden foar it Kanadeeske reedrydbûn.

Hoe't se dat dogge en wat se dogge bepraten we krekt foar it begjin fan de lêste dei. Hoe bliid binne se mei it twadde plak fan Dubreuil op it WK sprint? En wat binne de kânsen fan Ivanie Blondin? Sy is de grutste konkurrint foar de wrâldtitel fan Ireen Wüst.

(advertinsje)
(advertinsje)