Ireen Wüst bliuwt klassemintslieder mei winst op 1500 meter

Ireen Wüst hat nei trije fan de fjouwer ôfstannen noch altyd de lieding op it WK allround yn Hamar. Wüst wûn de 1500 meter mei in tiid fan 1.53,89. Mei dy tiid wûn se mei oermacht de 1500 meter, want Jevgenie Lalenkova waard twadde mei 1.54,84.
© ANP
Wüst fersloech yn in rjochtstreeks duel Ivanie Blondin. De Kanadese stiet noch altyd twadde yn it klassemint, mar Wüst hat no in grutte foarsprong op de lêste ôfstân, de 5000 meter.
Antoinette de Jong waard fyfde mei in tiid fan 1.55,19. Se wûn har rit fan Melissa Wijfje, har konkurrint foar it tredde plak. Wijfje ried 1.55,72. De Jong sakke yn it klassemint fan it fjirde nei it fyfde plak. Tredde is noch altyd Wijfje, Lalenkova is no fjirde. Mar it gat tusken Wijfje en De Jong is noch mar 1,5 sekonde op de 5 kilometer.