Technyske resjerzje ûndersiket oarsaak grutte brân Easterwâlde

01 mrt 2020 - 12:13

De technyske resjerzje fiert op dit stuit ûndersyk út nei de oarsaak fan de grutte brân yn Easterwâlde. Dy wie ôfrûne nacht yn in loads oan de Zoltstede. It plak is no opskaald ta 'plaats delict'.

Ofrûne freed wiene der op meardere plakken yn it Noarden ynfallen nei oanlieding fan in grut ûndersyk nei organisearre kriminaliteit, ek yn Easterwâlde. It ûndersyk is rjochte op wapenhannel, drugs en geweldsdelikten. Dêrby waarden ek trije Friezen oanhâlden. Yn Easterwâlde waard de kringloopwinkel trochsocht. Oft dizze brân dêrmei ferbân hâldt, is noch net bekend.

Plysjewurfdierder Paul Heidanus seit deroer: "We weten natuurlijk wat er in die zaak gebeurd is. Dit is een brand, dat is van een andere orde. Wij moeten onderzoek doen, dus eerst maar eens zien wat daar uit komt."

Foto: De Vries Media

It ûndersyk kin pas goed fan start gean as de brân út is. Heidanus. "Dat betekent feitelijk dat wij onderzoek doen naar de toedracht van deze grote brand. Daarvoor is de forensische opsporing ook ter plekke gekomen, maar we kunnen dat pas doen als de brand meester is." De brânwacht tinkt noch de hiele dei mei it neiblussen dwaande te wêzen.

"Daarnaast zijn we heel nadrukkelijk bezig met het krijgen van informatie van mensen die iets hebben gezien. Als ze iets hebben gezien, willen wij dat weten." Tsjûgen wurde oproppen om kontakt op te nimmen mei 0900-8844.

Wat witte we oant no ta oer de brân yn Easterwâlde?

Yn ferbân mei de situaasje yn Easterwâlde is der sneintejûn in ekstra telefyzjeútstjoering fan Fryslân Hjoed by Omrop Fryslân.

Trefwurden: 
brân Easterwâlde
(advertinsje)
(advertinsje)