Wenningen ûntromme fanwege grutte brân yn Easterwâlde, plysje siket tsjûgen

Yn Easterwâlde binne sneintemoarn wenningen ûntromme fanwege de brân yn in loads oan de Zoltstede. Der komt noch altyd in soad reek frij by de brân dy't yn de nacht fan sneon op snein ûntstie. It bedriuwspân is folslein ferlern gien by de brân.
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
De wenningen dy't ûntromme binne lizze oan de Molenweg. Oare huzen dy't fierder fan de brân ôf lizze hoege noch net ûntromme te wurden, meldt de brânwacht. Minsken wurde opfongen yn de soarchynstellling Stellinghaven oan de Schapekamp.
Fanwege de reekûntwikkeling is sneintemoarn foar de twadde kear in NL-Alert ferstjoerd. It advys foar omwenners is noch altyd om ruten en doarren ticht te hâlden en fentilaasje út te setten.
Yn de loads sieten meardere bedriuwen, ûnder oare in opslach foar pallets en in merke-eksploitant. It pân is net mear te rêden.
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Tsjûgen socht

De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan de brân en siket tsjûgen. It forinsysk ûndersyk kin pas begjinne as de brân hielendal út is. De plysje wol graach yn kontakt komme mei minsken dy't wat fertochts sjoen ha of mear ynformaasje oer de brân ha.