Untlading en emoasje by SC Hearrenfean nei langferwachte winst

De blydskip by SC Hearrenfean is grut nei de winst fan sneontejûn tsjin FC Twente. Yn Enschede sette de Fryske klup 3-2 op it skoareboerd. It wie foar it earst sûnt 8 desimber dat Hearrenfean wist te winnen en dêrom wie de ûntlading grut by de spilers en de trainer.
Filip Bednarek fan SC Hearrenfean
Doelman Filip Bednarek fûn it fantastysk. "Het is echt wel een hele grote ontlading voor mezelf, omdat ik toch in het doel ben gaan staan om wedstrijden te winnen. Ik vind het echt schitterend, een en al grote emotie en ontlading voor mezelf."
Foar de útwedstriid wiene mear as 500 supporters fan SC Hearrenfean meigien nei Enschede. Bednarek wie bliid dat se werom nei hûs koenen mei de winst. "Die mensen namen de moeite en kwamen ons steunen. Ze verdienen het om die emotie en ontlading met ons te delen. Uiteindelijk spelen we voor hen en des te mooier dat we ze kunnen belonen met drie punten."
© www.orangepictures.nl
Ek by trainer Johnny Jansen wie de ferromming grut. "Het voelt heel erg goed." Dochs kamen der twivels doe't Hearrenfean mei 3-0 foar stie, mar FC Twente weromkaam en yn de slotfaze de stân sels op 3-2 wist te setten. "Dan zie je toch dat er een beetje paniekvoetbal ontstaat. Dat is toch de druk die dan op het elftal komt."
Trainer Johnny Jansen fan SC Hearrenfean
Neffens spiler Joey Veerman wie de minne einfaze folslein oan Hearrenfean sels te tankjen. "We hadden gewoon veel meer moeten scoren. Maar uiteindelijk moeten we het daar helemaal niet meer over hebben. We hebben gewoon lekker drie punten en we kunnen weer een beetje omhoog kijken."
Joey Veerman fan SC Hearrenfean
De kommende wedstriid dy't foar SC Hearrenfean op it programma stiet, is it duel tsjin Ajax. De Amsterdammers komme nije wike sneon nei it Abe Lenstra Stadion.