Loads giet yn flammen op yn Easterwâlde, omwenners opfongen

01 mrt 2020 - 08:38

In loads oan de Zoltstede yn Easterwâlde is yn de nacht fan sneon op snein yn flammen opgien. De brânwacht krige om twa oere nachts hinne in melding fan de brân yn it bedriuwspân. Der waard fuort opskaald nei 'tige grutte brân'.

It giet om in loads fan sa'n 8.000 kante meter dy't al gau folslein yn ljochte lôge stie. De brânwacht sette yn op it foarkommen fan fersprieding fan de brân nei omlizzende pannen.

Korpsen út Assen, Stienwyk, It Hearrenfean en Drachten holpen mei om de brân ûnder kontrôle te krijen. Der waarden ûnder oare trije heechwurkers ynset en it grut wettertransport waard oproppen om derfoar te soargjen dat der genôch wetter wie om it fjoer te bestriden.

Opfang omwenners

Der gie in NL-Alert út fanwege de reekûntwikkeling. Omwenners krigen it advys om ruten en doarren ticht te hâlden en fentilaasje út te setten. Bewenners fan fiif omlizzende wenningen ha harren hûs ferlitten en wurde opfongen yn de soarchynstellling Stellinghaven oan de Schapekamp.

Fanwege de brân is in oantal strjitten yn de buert fan it bedriuwspân ôfsletten foar it ferkear.

Tige grutte brân Easterwâlde - Foto: De Vries Media

Wurdfierder Marten Klaas Brinksma fan Brânwacht Fryslân oer de brân yn Easterwâlde

Trefwurden: 
brân Easterwâlde
(advertinsje)
(advertinsje)