Hearrenfean ferslacht Twente en wint foar it earst sûnt desimber

SC Hearrenfean hat sneontejûn foar it earst sûnt 8 desimber wer ris wûn yn de earedifyzje. FC Twente waard yn Enschede mei 2-3 ferslein troch doelpunten fan Faik, Ejuke en Veerman.
© Orange Pictures
De Feansters begongen oan de wedstriid mei Alen Halilovic yn it basisalvetal, yn stee fan spits Odgaard. De Deenske spits kaam de ôfrûne wedstriden net ta skoaren en dêrom ferfong trainer Johnny Jansen him.

Fuort yn de oanfal

Hearrenfean socht fuortendaliks de oanfal en krige al gau in pear kânsen. Nei fiif minuten skeat Alen Halilovic op doel. De bal waard yn earste ynstânsje tsjinholden troch Twente-doelman Joël Drommel, mar oanfierder Hicham Faik wie skerp en skeat de rebound binnen: 0-1.
De grutste kânsen wiene ek dêrnei foar de Friezen. In skot fan Joey Veerman waard bygelyks mar krekt blokkeare troch in ferdigener fan Twente. Stadichoan krige de thúsploech ek wat kânskes. Filip Bednarek moast nei 25 minuten rêding bringe op in skot fan Verdonk. Tsien minuten letter gie in skot fan dyselde Verdonk mar krekt oer.
Yn de lêste minuten fan de earste helte kaam Hearrenfean noch hiel tichtby de 0-2. Halilovic pikte de bal op en helle út, mar syn skot skot waard blokkearre. In pear minuten letter wie der in grutte kâns foar Chidera Ejuke. De fleugelspiler dy't dizze kear yn de spits spile skeat, mar de bal gie rjocht op Drommel ôf.

Rappe 0-2

Nei it skoft gie Hearrenfean fuort wer yn de oanfal, en yn de 48e minút wie it ek raak. Ejuke, dy't yn de earste helte net folle sjen litten hie, spile troch de Twentse ferdigening hinne en skeat moai raak: 0-2.
Van Bergen, Van Rhijn en Ejuke fiere de 0-2 © Orange Pictures
In pear minuten letter wie it ek al 0-3 troch Joey Veerman. De middenfjilder krige de bal fan Ejuke, krige in soad tiid en koe de bal sa yn it doel sjitte.
Mei noch in healoere te gean kamen de Twentenaren noch werom yn de wedstriid. Keeper Bednarek makke in oertreding, foar skiedsrjochter Joey Kooij genôch reden om in penalty te jaan. Haris Vuckic fersulvere de strafskop.

Spannende slotfaze

Mei noch tweintich minuten te gean kaam de thúsploech hielendal werom yn de wedstriid doe't Lindon Selahi ien-op-ien mei Bednarek de 2-3 skoarde. It waard dêrtroch noch spannend yn de slotfaze. Queensy Menig waard krekt foar tiid noch gefaarlik, mar Sven Botman koe de oanfaller krekt op tiid ôfstopje. Dêrmei wiene de trije punten binnen.

Earste winst sûnt desimber

It is foar it earst sûnt 8 desimber dat Hearrenfean wer ris wint yn de earedifyzje. Doe waard RKC Waalwijk mei 1-3 ferslein.
FC Twente - SC Hearrenfean 2-3 (0-1). 4. Faik 0-1, 48. Ejuke 0-2, 55. Veerman 0-3, 65. Vuckic 1-3, 72. Selahi 2-3.
Opstelling SC Hearrenfean: Bednarek; Van Rhijn, Dresevic, Botman, Floranus; Veerman (74/Akujobi), Faik, Kongolo; Van Bergen, Ejuke (89/Høegh, Halilovic (78/Odgaard).