Arjan Stroetinga tredde yn finale Maraton Cup

29 feb 2020 - 21:49

Arjan Stroetinga fan Wynjewâld is yn de finale fan de KPN Maraton Cup yn Ljouwert tredde wurden. Yn de massasprint wiene Gary Hekman en Bart Hoolwerf krekt te rap foar de Fries.

Arjan Stroetinga (l) en teamgenoat Jorrit Bergsma yn in eardere wedstriid - Foto: Orange Pictures

Stroetinga kaam earder yn de wedstriid yn de problemen doe't in grutte groep fuortried. De Fries moast oan de bak om werom te kommen, mar tsien ronden foar de ein slagge it dochs. Yn de sprint wie Stroetinga lykwols net rap genôch om Hekman te ferslaan.

Bart Hoolwerf helle Stroetinga krekt foar de einstreek ek noch yn. Stroetinga fielde him net hielendal goed. Hy hie al fuort yn de gaten dat er yn de sprint tekoart komme soe. "Ik tocht, it wurdt him net hjoed, sa fielde ik my. Ik hie net genôch power," sei Stroetinga.

Sjoch hjirûnder nei de reaksje fan Arjan Stroetinga:

Niero twadde yn klassemint

Hoolwerf waard ek winner fan it einklassemint fan de KPN Maraton Cup. Daniel Niero waard sneon fjirde. Nûmer twa fan it klassemint Mats Stoltenborg waard sânde. De Italiaan dy't op It Hearrenfean wennet, pakte dêrtroch noch it twadde plak yn it klassemint.

Daniel Niero fertelt oer syn prestaasje:

(advertinsje)
(advertinsje)