LDODK klimt mei wichtige oerwinning nei tredde plak yn Kuorbal League

29 feb 2020 - 21:35

LDODK hat sneontejûn yn eigen hûs de wichtige wedstriid tsjin Groen Geel wûn. De ploech út De Gordyk wie mei 32-16 te sterk foar de promovendus. Troch de oerwinning klimt LDODK nei it tredde plak yn de Kuorbal League en hawwe se de play-offs om it lânskampioenskip wer yn eigen hân.

De Fryske ploech stie al binnen tsien minuten, ûnder mear troch trije doelpunten fan Julian Frieswijk, mei 6-0 foar. De ploech út Wormer die dêrnei mei doelpunten fan Stijn Hoekstra en Elise Al wol wat werom: 6-2.

Healwei de earste helte gie LDODK mei 9-3 oan de lieding. De besikers slaggen der dêrnei lykwols yn om goed by te bliuwen en dus rûnen de Fryske kuorballers foar it skoft noch mar ien punt út: 14-7.

Gjin problemen yn twadde helte

De kuorbalklup fan De Gordyk gie nei it skoft fierder mei wêr't se yn it earste part fan de wedstriid mei begûn wienen. Nei fjirtich minuten hie LDODK al in komfortabele foarsprong fan 22-12 en dus koe de oerwinning har hast net mear ûntgean.

Yn de slotfaze rûn LDODK sels noch út ta 32-16. Julian Frieswijk waard mei seis doelpunten de topskoarer oan Fryske kant.

LDODK tsjin Groen Geel - Foto: www.orange-pictures.nl

Friso Boode fan LDODK

Play-offs om it kampioenskip

Mei noch twa spylrondes te gean stiet LDODK no op it dielt tredde plak yn de Kuorbal League. De Friezen moatte by de earste fjouwer einigje om mei te dwaan oan de play-offs om it lânskampioenskip. Nûmer fiif KZ út Koog aan de Zaan hat likefolle punten, mar in minder ûnderling resultaat. Dêrtroch hat LDODK pleatsing foar de play-offs no wer yn eigen hân.

(advertinsje)
(advertinsje)