VC Snits wint yn kampioenspûl ienfâldich fan FAST

29 feb 2020 - 21:10

VC Snits hat sneontejûn de twadde wedstriid yn de kampioenspûl ienfâldich wûn. Yn eigen hûs wienen de Fryske follybalsters mei 3-0 (25-23, 25-11 en 25-14) te sterk foar FAST út Gennep.

VC Snits yn in eardere wedstriid - Foto: www.orange-pictures.nl

Roos van Wijnen, oanfierster VC Snits

De earste set yn de Snitser Sporthal wie noch wol spannend. Beide ploegen joegen inoar yn neat ta en dus kaam it ta 23-23. Yn dy beslissende faze pakte Snits twa punten en dêrmei gie de set mei 25-23 nei de thúsploech.

Yn de twadde set rûn Snits út ta in 17-4 foarsprong. De besikers hienen gjin skyn fan kâns en de set gie dan ek ienfâldich mei 25-11 nei VC Snits. Ek yn de tredde set hie Snits gjin inkele muoite mei de Limboarchske ploech. Al gau wie der mei 15-5 wer in komfortabele foarsprong. De set einige úteinlik yn: 25-14.

Kampioenspûl

Mei de oerwinning stiet VC Snits no mei fiif punten op it fjirde plak yn de kampioenspûl. Snits moat by de earste twa einigje foar in plak yn de play-off om it lânskampioenskip. Kommende woansdei spilet VC Snits yn en tsjin Zwolle en sneon ûntfange de Snitsers de kampioen fan ferline jier, Sliedrecht Sport.

Henriette ter Steege

..

Stân nei snein 1 maart

Wedstriden Punten
1. Eurosped 2 10
2. Apollo 8 2 9
3. Sliedrecht Sport 2 8
4. VC Snits 2 5
5. Fast 2 1
6. VC Zwolle 2 0
Trefwurden: 
follybal VC Snits FAST
(advertinsje)
(advertinsje)