WK shorttrack wurdt dit foarjier net mear ferriden

29 feb 2020 - 20:53

It WK shorttrack sil dit foarjier net mear ferriden wurde. Dat meldt reedrydorganisaasje ISU. It wrâldkampioenskip, dat fan 13 oant en mei 15 maart yn Súd-Koreä plakfine soe, is fanwege it coronafirus skrast.

Foto: Orange Pictures

Neffens de ISU is it net mooglik it toernoai op koarte termyn yn te heljen of nei in oare lokaasje te ferpleatsen. Mooglik sil it toernoai letter yn it jier noch wol ferriden wurde, mar dat sil net earder wêze as yn oktober.

(advertinsje)
(advertinsje)