Frou klapt mei holle tsjin rút by kopsturtbotsing op De Skieding

29 feb 2020 - 20:43

By in ûngelok op De Skieding by Drachtster Kompenije is sneontemiddei in frou ferwûne rekke. Dat wie by in kopsturtbotsing tusken twa auto's. De frou siet as byrider yn ien fan de auto's en klapte mei de holle tsjin it foarrút. De frou is op it plak fan it ûngelok ûndersocht troch ambulânsepersoniel en dêrnei meinaam nei it sikehûs.

Ungelok op De Skieding by Drachtster Kompenije - Foto: De Vries Media

It wie it twadde ûngelok op dat plak yn twa dagen. Tongersdei kamen trije auto's mei-inoar yn botsing op De Skieding. Doe rekke net ien ferwûne.

(advertinsje)
(advertinsje)