Sven Kramer: "De ôfrûne dagen hawwe muoilik west"

29 feb 2020 - 20:44

It wrâldkampioenskip allround yn it Noarske Hamar einiget foar Sven Kramer nei ien dei. Sneontejûn makke de rider bekend op snein net fan start te gean. De earste dei wie swier teloarstellend foar Kramer mei in njoggentjinde plak op de 500 meter en in njoggende plak op de 5000 meter.

De oanrin nei it WK allround wie foar Kramer tige dreech. Woansdei fertelde er dat er sûnensproblemen binne yn syn famylje. "De ôfrûne dagen hawwe muoilik west. We ha in swiere tiid hân. Dat is seker noch net fuort en sil de oankommende moannen ek noch wol sa bliuwe. Dat is heftich. Dan is it muoilik om in WK allround te riden", fertelde Kramer nei ôfrin fan in spesjale gearkomste yn it ridershotel.

Besjoch it folsleine parsemomint mei Sven Kramer hjirûnder:

Hoe giet it no mei him? "It kin better. Ik hie hope op in bettere earste dei. Dat slagget dan net. Ik ha wol twivele om hjirhinne te gean. Ast dan giest, moast derfoar gean. Mar dat wie pittich."

Kramer baalde fan syn prestaasjes. "Dit is net it nivo dat ik de ôfrûne moannen sjen lit. Ik bin bliid dat it team my yn beskerming nimt." Hat syn ploech dan de knoop foar Kramer trochhakt om ôf te sizzen? "De kar is foar my makke. Ik bin sels net ien dy't seit: no ride we net mear. Ik hie der miskien sels net langer oer neitinke moatten, mar it is goed sa."

It seizoen fan Kramer sit der no op. Hy rydt takom wike gjin wrâldbekerfinale op Thialf, om't er dêr net genôch wrâldbekerpunten foar helle hat.

(advertinsje)
(advertinsje)