Manon Kamminga twadde by finale Maraton Cup, Groenewoud tredde

29 feb 2020 - 20:11

Manon Kamminga is twadde wurden yn de finale fan de KPN Maraton Cup yn Ljouwert. De winst gie nei Irene Schouten en Marijke Groenewoud fan Hallum waard yn earste ynstânsje tredde, mar krige nei ôfrin in reade kaart en waard sadwaande út de útslach helle. Jade van der Molen fan It Hearrenfean einige op it twadde plak yn it einklassemint fan de Maraton Cup.

Kamminga yn in eardere wedstriid - Foto: Orange Pictures

Troch de wedstriid hinne besochten ferskate groepkes fuort te kommen, mar Clarien Kleibeuker ried de gatsjes alle kearen wer ticht. Yn de lêste ronde namen Schouten en Kamminga ôfstân fan it peloton. Schouten wie de rapste en wûn, folge troch Kamminga. Yn in gaoatyske einfaze gie klassemintslieder Imke Vormeer ûnderút.

Reade kaart Groenewoud

Nei ôfrin fan de maraton krige Marijke Groenewoud foar har aksje wêrby't Vormeer foel in reade kaart. Groenewoud hie noch nea earder sa'n finale meimakke. "Der waard sáfolle fochten. It wie krekt by it yngean fan de bocht. Ik siet efter Vormeer, ik seach net krekt wat der gebeurde, mar wol dat se ûnderút gie," sa fertelt se nei ôfrin.

Sjoch hjir nei de reaksje fan Marijke Groenewoud nei ôfrin. Doe wie noch net dúdlik dat se in reade kaart krigen hie:

Vormeer wint klassemint

Nûmer 1 yn it klassemint Imke Vormeer gie in pear ronden foar de ein ûnderút. Jade van der Molen hie har foarbygean kinnen, mar sy kaam net fierder as in achtste plak en pakte net genôch punten om Vormeer foarby te gean.

Nettsjinsteande har reade kaart wist Marijke Groenewoud har kopposysje te behâlden yn it jongereklassemint, dêrtroch wint se it 'wite pak' foar de bêste jongere yn it peloton.

(advertinsje)
(advertinsje)