Omrop Fryslân Radio live fanwege ekstra sport

Omrop Fryslân Radio komt sneontejûn mei in ekstra útstjoering mei dêryn fjouwer sportwedstriden. Wy folgje de wedstriid fan de kuorballers LDODK tsjin Groen Geel, de maratoncup reedriden dy't yn Ljouwert ferriden wurdt, de follybalwedstriid VC Snits tsjin FAST. Beide ploegen spylje yn de kampioenspûl. En dan set om 20:45 oere de fuotbalwedstriid fan SC Hearrenfean tsjin FC Twente út ein. De ekstra sportútstjoering begjint om 20:00 oere.
SC Hearrenfean © www.orange-pictures.nl