Kameleoneilân yn Terherne stiet ûnder wetter: "Lestich te sizzen wat de skea is"

29 feb 2020 - 18:49

It Kameleoneilân by Terherne stiet alhiel ûnder wetter. Dat komt troch de hege wetterstân. Dêrby wurdt it gebiet om it eilân hinne troch Wetterskip Fryslân brûkt as wetteropslach, sadat de rest fan Fryslân drûge fuotten hâldt. "It wetter hat noch noait sa heech stien dat ús eilân ûnder rint. We wisten net dat it sa slim wêze koe", fertelt eigener fan it Kameleondoarp Stefan de Lange.

"Dit is feangreidegebiet. Dat moat simmers net te drûch wêze, mar it moat ek foaral net te wiet wêze. Dan ferdwynt de hiele struktuer yn de boaiem." Dêrtroch binne der ek al beammen omfallen. Wat de skea fierder krekt is, falt no noch lestich te sizzen. Op guon plakken stiet it wetter noch sa'n tweintich sintimeter heech.

Ek is net te sizzen hoe gau oft de grûn wer opdrûget. Mei de iepening fan it simmerseizoen op 13 april moat it eilân wol wer tagonklik wêze. "Dan moatte de bern hjir wer omdrave kinne, spultsjes dwaan en moerasrinne", leit De Lange út. Al sil dat lêste net sa'n probleem wêze.

Kameleoneilân ûnder wetter - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Wetterskip Fryslân leit út it spitich te finen foar it Kameleondoarp, mar dat der net in soad oan te dwaan is. Henk Flikkema fan Wetterskip seit dat de regels jierrenlyn al opsteld binne en dat it gebiet nedich is foar wetteropslach. De wetterstân is no wol ekstreem heech, seit er, en it is goed mooglik dat dit yn de takomst faker foarkomme sil." Om dy reden wol De Lange ynkoarten ek graach om tafel mei Wetterskip Fryslân, om te sjen wat der mooglik is foar syn eilân.

(advertinsje)
(advertinsje)