Sven Kramer net mear fan start op twadde dei WK allround

29 feb 2020 - 18:28

Sven Kramer hâldt nei twa ôfstannen op mei it WK allround yn Hamar. It hoe en wêrom is noch net bekend. De reedrider jout sneontejûn om sân oere in parsekonferinsje. Kramer waard mei 6.25,54 njoggende op de 5000 meter en stiet nei de earste dei tolfde yn it klassemint. Earder sneon waard er njoggentjinde op de 500 meter.

"Je zag al vrij snel dat het er niet in zit bij Sven. Je hoopt dan nog wel dat hij er doorheen komt, maar dat zat er niet in", sei syn trainer Jac Orie nei ôfrin fan de race. Op dat momint hie Kramer syn beslút om op te hâlden noch net naam. "Ik heb Sven nog niet gesproken, daar moeten we het nog over hebben."

Ofrûne wike joech Kramer oan in minne tarieding hân te hawwen neidat er min nijs krigen hie oer sûnensproblemen yn de familie. Kramer woe dat net talochtsje en joech fierder ek gjin ynterviews. Ek fuortendaliks nei syn race stie er de media noch net te wurd. Dat docht er no dus sneontejûn om 19.00 oere.

Roest wint 5.000 meter

De oerwinning op de 5.000 meter gie nei Patrick Roest, Sverre Lunde Pedersen waard twadde en Jordan Belchos waard tredde. Kramer ried tsjin Pedersen en seach dat de Noar al reedlik gau útrinne koe, om't de rondetiden fan Kramer te betiid oprûnen. De rit dêrnei sette Roest mei 6.14,35 de rapste tiid del. Dêr kaam dêrnei ûnder oaren Ted-Jan Bloemen net mear oan. De tredde Nederlanner, Jan Blokhuijsen, einige as sânde.

Snein ride de manlju by it allroundtoernoai de 1500 meter en de 10.000 meter.

(advertinsje)
(advertinsje)