Underdûkt jonkje Salo koe inkeld noch mar Frysk prate en woe yn Oerterp bliuwe

"We kinne der noch wol ien by ha" is de namme fan de yndrukwekkende tentoanstelling yn Tresoar oer in oantal Joadske bern dy't yn de Twadde Wrâldoarloch ûnderdûkt sitten hawwe yn ús provinsje. Se binne fan Amsterdam nei Fryslân ta smokkele, faak op hiele jonge leeftiid.
Underdûkt jonkje Salo koe inkeld noch mar Frysk prate
Yn de tentoanstelling stean de ferhalen fan santjin Joadske bern sintraal. Der is in foto fan harren te sjen, dêr't se fleurich op stean yn - sa't it liket- harren moaiste klean. Dat is yn grut kontrast mei de ferhalen dy't ûnder de foto's stean.
Salo Muller hat fan syn sechsde oant njoggende jier ûnderdûkt sitten yn Oerterp. Nei de oarloch kaam in muoike om him op te heljen, want syn âlden hiene de oarloch net oerlibbe. "Ik wilde helemaal niet weg uit Ureterp. Ik kon alleen nog maar Fries praten, wist niet meer hoe ik echt heette en wanneer ik jarig was. Ik heb zó hard gehuild."
Projekt 'De terugkeer van de Joodse kinderen' © Omrop Fryslân
Fan in soad bern hawwe de âlden de oarloch net oerlibbe. Guon fan harren binne dêrom nei de oarloch troch harren ûnderdûkhúshâlding adoptearre, lykas Alfred Alexander Schachner. Yn de tentoanstelling wurdt ek dúdlik dat de bern nei de oarloch it noch hiel lang dreech hân hawwe mei wat mei harren bard is. Se binne al hiel jong fan harren âlden skieden en guon fan harren hawwe heit en mem sels nea wer sjoen.
Ek Schachner hie it swier. "Decennialang kwam ik niet uit voor mijn Joodse identiteit." Doe't hy 50 jier waard, feroare dat. Hy dûkte de skiednis fan syn famylje yn en ûntduts dat syn âlden yn 1944 yn Auschwitz fermoarde binne. "Bij de onthulling van de gedenkmuur in Sneek in 1995 had ik voor het eerst in mijn leven een keppeltje op."
De tentoanstelling is te sjen oant en mei 19 july.
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
De tentoanstelling is ûnderdiel fan it projekt 'De terugkeer van de Joodse kinderen' fan Stichting de Verhalen, yn gearwurking mei Tresoar en de Fryske media. By Omrop Fryslân, it Friesch Dagblad en de Leeuwarder Courant ferskine geregeld ferhalen oer de syktocht nei de Joadske bern. Sjoch ek op www.joodsekinderen.nl foar mear ynformaasje en alle publikaasjes.