Danny Noppert wint ek twadde wedstriid op European Tour

29 feb 2020 - 17:57

Darter Danny Noppert hat sneontemiddei ek syn twadde wedstriid op it Belgian Darts Championship wûn. Yn de twadde ronde fan it toernoai yn Hasselt wie de Jouster mei 6-2 te sterk foar Jermaine Wattimena. Freedtejûn wie Noppert ek al te sterk foar Geert de Vos.

Danny Noppert yn in eardere wedstriid - Foto: www.orange-pictures.nl

Noppert kaam tsjin de nûmer 23 fan de wrâld, hy is sels de nûmer 27, mei 1-0 en 2-1 efter. Dêrnei gie it de Fries lykwols foar de wyn. Noppert, dy't in hege trochsneed skoare fan 108.96 goaide, ferlear gjin leg mear en wûn de wedstriid dus mei 6-2.

Achtste finale

Yn de achtste finale treft Noppert de winner fan it duel tusken Peter Wright en Andy Hamilton. Dy wedstriid wurdt letter op sneon spile.

Der binne yn 2020 yn totaal tolve European Tours yn hiel Europa. De resultaten fan dy toernoaien binne wichtich foar pleatsing foar it Europeesk kampioenskip, dat as ôfsluting plakfynt. Ien fan de European Tours is yn septimber yn it WTC Expo yn Ljouwert.

(advertinsje)
(advertinsje)