Harkemase Boys en Bûtenpost winne, ONS Snits behellet in punt

29 feb 2020 - 17:48

Harkemase Boys en VV Bûtenpost hawwe sneontemiddei trije punten pakt. De Boys wûnen op besite by de Ajax-amateurs mei 2-0, wylst Bûtenpost yn eigen hûs mei 1-0 te sterk wie foar SDC Putten. ONS Snits spile thús lyk tsjin VV Goes: 1-1.

Harkemase Boys fiert in doelpunt - Foto: www.orange-pictures.nl

Yn in winerich Amsterdam wie der yn de earste healoere tusken de Ajax-amateurs en de Harkemase Boys mar ien grutte kâns. Gerald Postma fan de Boys koe nei fjirtjin minuten skoare, mar hy skeat de bal fia doelman Ruben Zandwijken oer de goal. Nei 33 minuten wie Ajax tichtby de iepeningstreffer doe't Romano de Jong fan tritich meter ôf de latte rekke. De earste goal kaam lykwols op namme fan de Friezen. Henny Bouius koe nei in frije traap fan Bas van Wijnen yn de goal raak sjitte: 1-0. Dêrmei brocht hy syn seizoenstotaal yn de tredde difyzje op fjirtjin doelpunten.

Stelpstra ferdûbelt skoare

It earste kânske kaam op namme fan Robert Stelpstra. De oanfaller kopte nei in corner fan Mark Bruintjes op goal, mar keeper Zandwijken koe de bal noch krekt fuortbokse. Efkes letter koe de spits dochs skoare, doe't er in foarset fan Postma hurd binnen skeat: 2-0. Yn de slotfaze krige Harkemase Boys noch in pear grutte kânsen, trochdat Ajax grutte romtes falle liet. De Harkiten koene dêr lykwols net fan profitearje en dus bleau it yn Amsterdam 2-0 foar de Friezen.

Troch de oerwinning en in nederlaach fan DVS '33 Ermelo tsjin koprinner Sparta Nijkerk klimt Harkemase Boys nei it tredde plak yn de tredde difyzje. De efterstân op nûmer twa Odin '59 is twa punten.

Punt foar ONS Snits

De Snitsers namen it yn eigen hûs op tsjin de nûmer njoggen fan de tredde difyzje, VV Goes. Al nei acht minuten kaam ONS op foarsprong troch in doelpunt fan Sam Crowther: 1-0. Dy stân bleau lang op it skoareboerd stean, mar nei hast in oere spyljen kaam de ploech út Seelân op likense hichte. It wie Remon de Vlieger dy't op it rantsje fan bûtenspul raak sjitte koe: 1-1. Dat wie yn Snits ek de einstân.

ONS Snits stiet troch it lykspul mei tolve punten op it sechtjinde plak yn de tredde difyzje. De Snitsers moatte noch sân punten goedmeitsje op nûmer fyftjin VV DOVO om direkte degradaasje nei de haadklasse te ûntrinnen.

VV Bûtenpost komt tichterby

De hikkesluter fan de haadklasse B naam it op sportpark De Swadde op tsjin de nûmer tolve, SDC Putten. Krekt foar it skoft kaam de Fryske ploech op foarsprong troch in doelpunt fan Joran Olijve. Dat wie ek fuortendaliks it iennige doelpunt yn Bûtenpost, want yn de twadde helte kamen beide ploegen net mear ta skoaren.

Nettsjinsteande de oerwinning stiet Bûtenpost noch hieltyd op it lêste plak yn de kompetysje. De ploech hat tsien punten út njoggentjin wedstriden. De foarlêste, Purmersteijn, hat trettjin punten.

(advertinsje)
(advertinsje)