Ireen Wüst: "De spanning zit er nog volledig in"

29 feb 2020 - 17:13

Ireen Wüst sjocht nei de earste dei op it wrâldkampioenskip allround Ivanie Blondin as har grutste konkurrinte. "Eigenlijk zei ik dat woensdag al. Ze is echt goed. Ze kan ook een goede 1500 en 5000 rijden. Ze is een geduchte concurrent. De spanning zit er nog volledig in." Wüst hat nei de earste dei in foarsprong fan 0,66 sekonden op de nûmer twa Blondin. Antoinette de Jong stiet fjirde.

Wüst moat it foaral hawwe fan de koarte ôfstannen. Dat se nei twa ôfstannen de lieding nimt, is miskien net hiel ferrassend, mar it gat mei de konkurrinsje is wol grut. "Nou, het is niet het ideale scenario. Dan had ik op de 500 meter nog wat meer verschil moeten pakken. Maar ik sta eerste." Wüst waard fjirde op de 500 meter mei 38,96.

Op de 3000 meter waard se tredde mei 4.02,60, mar seis hûndertsten efter nûmer twa Blondin. "Blondin is nu mijn grootste concurrent." Op de 1500 meter, de ôfstân dêr't se wrâldkampioene op is, kin se noch wat útrinne op Blondin en dan moat se it ôfmeitsje op de lêste ôfstân, de 5000 meter. "Hoe goed ik ben op de 5000 meter weet ik niet, want dat is alweer een jaar geleden."

Antoinette de Jong: "Dit slaat nergens op"

Antoinette de Jong belibbe in teloarstellende dei. Se waard tolfde op de 500 meter en fyfde op de 3000 meter. Dêrtroch stiet se no fjirde yn it klassemint nei twa ôfstannen. "Dit slaat nergens op. Ik wit net sa goed wat ik derfan sizze moat." Se wie benammen teloarsteld oer de 500 meter. "Ik siet djip, mar ik rekke niks. Tinkst ûnderweis allinnich mar: as dit net slagget, dan probear ik dit. En as dit net slagget, doch ik dat. Mar dan tink ik fan, ik hie noch wol wat oer, mar ik kin it net kwyt. It hie folle sneller kind."

De Jong hat foaral it gefoel dat se it lizzen litten hat en dat it folle better kin. "Ik wit dat ik folle hurder kin. De motor is goed, mar ik reitsje gewoan niks. As ik dat wol, dan kin ik se miskien allegear nei hûs ride." Mar De Jong wit it gewoan net. "Ik freegje my ek ôf wêrom dit gebeurt. Yn Calgary woe it wol."

In plak by de earste trije yn it einklassemint is noch altyd wol realistysk foar De Jong. Se hat in sekonde efterstân op nûmer trije Melissa Wijfje. "Oer moarn wol ik noch net tefolle neitinke."

(advertinsje)
(advertinsje)