Omrop TIP: Leafde foar liuwen, fan Aleppo oant Nijeberkeap

29 feb 2020 - 16:56

Meiwurkers fan Felida besykje traumatisearre rôfbisten wer sa goed by sûp en stút te bringen, dat se útset wurde kinne yn in reservaat yn Afrika. As dat net slagget, bliuwe se by Felida. Programmamakker Timo Brinkman folget foar Fryslân DOK bistefersoarger Juno van Zon dy't, bytiden mei gefaar foar eigen libben, bisten rêdt yn it bûtenlân.

Lokaasjemanager Simone Schuls fan opfang Felida docht alle war om yn Nijeberkeap in nije opfang te realisearjen mei bettere fasiliteiten foar de rôfbisten. Wat driuwt harren yn 'e leafde foar dizze - net altyd like leave - liuwen?

Timo Brinkman filmet by Felida. Foto Stichting Viervoeters, Jeanine Noordermeer. - Foto: Stichting Viervoeters

Yn 1992 waard it sintrum 'Pantera' oprjochte troch Arno van der Valk. Yn 2013 naam de Stichting Viervoeters (Four Paws) it sintrum oer, it krige doe de namme 'Felida'. Simone Schuls: "Er waren hier toen 26 katachtigen ondergebracht, die allemaal veel zorg nodig hadden. Er was ook te weinig ruimte voor ze. We hebben zes leeuwen naar ons reservaat in Zuid-Afrika kunnen brengen. We hebben elk jaar een budget, waarvan we het team kunnen betalen en de noodzakelijke kosten voor de dieren: voer, medische zorg en veiligheid."

Manager Simone Schuls by de bistekoaien - Foto: Omrop Fryslân

Ut en troch giet de stichting Viervoeters nei gefaarlike gebieten om bisten te rêden. Fersoarger Juno van Zon wie mei nei Syrië. "De Turkse overheid opende de grens met Syrië om ons transport door te laten gaan. Soms moet je ook samenwerken met rebellengroepen bijvoorbeeld. Mensen willen zich dan toch inzetten voor humaniteit als het om dieren gaat. Een dier is neutraal, nooit slecht of goed."

By de grins tusken Syrië en Turkije - Foto: Stichting Viervoeters

In oarlochsgebiet betsjut ek risiko's foar de fersoargers. "Vlakbij was een mijnenveld", fertelt Juno van Zon. "Ja, je gaat ver voor de dieren. We willen met ons werk aan de wereld laten zien dat ook dieren recht hebben op een kans op een beter leven. We willen mensen bewust maken van wat er allemaal gebeurt. Niet alleen ver weg, maar ook dichtbij, met dieren in circussen of bij fokstations. Soms redden we ze uit privébezit."

Juno van Zon, fersoarger by Felida - Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)