Wüst nei earste dei oan de lieding op WK allround, De Jong fjirde

Ireen Wüst stiet nei de earste dei fan it wrâldkampioenskip allround op it earste plak. Se waard sneon tredde op de 3000 meter, nei earder al in fjirde plak op de 500 meter. Antoinette de Jong einige op de 3000 meter as fyfde en mei noch hoopje op in medalje. Yn it klassemint stiet se fjirde.
Ireen Wüst © www.orange-pictures.nl
De oerwinning op de 3000 meter gie nei de Tsjechise Martina Sablikova. Se finishte yn 4.01,89. Mar, trochdat se in strieminne 500 meter ried, liket Sablikova noch gjin bedriging yn it klassemint. Dêryn stiet se tsiende. It twadde plak op de 3000 meter gie nei Ivanie Blondin. Wüst makket yn 4.02,60 it poadium kompleet.
De Jong moast mei har 4.03,40 oardel sekonde tajaan op Sablikova. Troch har wat mindere 500 meter stiet se yn it klassemint fjirde. Melissa Wijfje, rydster fan it Gewest Fryslân, stiet boppe har yn it klassemint troch in fjirde plak op de 3000 meter.
Snein ride de froulju yn it allroundtoernoai de 1500 meter en de 5000 meter.
Coach Henk Hospes oer de prestaasjes fan Melissa Wijfje