Nyck de Vries nei straf alfde yn Formule E-race Marrakesh

29 feb 2020 - 16:15

Nyck de Vries fan Twellingea is sneontemiddei alfde wurden yn de Formule E-race fan Marrakesh. De Vries mocht as fjirde starte, mar nei in straf betiid yn de race sakke er ôf nei it 23e plak. De winst yn Marokko gie nei de Portugees Antonio Felix da Costa.

Foto: Mercedes-Benz EQ Formula E Team

De Vries mocht nei de kwalifikaasje earder sneon op de fjirde posysje begjinne. De Fryske racer koe al gau opskowe nei it tredde plak. De sjuery hie lykwols konstatearre dat er tefolle enerzjy brûkt hie. Dêrfoar krige De Vries in straf, wêrtroch't er ôfsakke nei it 23e plak.

Healweis de race wie de 25-jierrige Fries klommen nei it 20e plak. Mei noch seis minuten te gean helle De Vries sels syn teamgenoat en earder Formule 1-koereur Stoffel Vandoorne yn. Dêrmei pakte er mei noch seis minuten te gean it fjirtjinde plak. Yn dy lêste minuten klom De Vries úteinlik noch op ta it alfde plak.

Troch syn plak bûten de top tsien sakket De Vries nei fiif races mei achttjin punten fan it alfde nei it trettjinde plak yn it klassemint. De winner fan sneon, Da Costa, stiet mei 56 punten boppeoan dat klassemint.

(advertinsje)
(advertinsje)