Letitia de Jong net bot teloarsteld: "Ik haw der alles út helle"

29 feb 2020 - 15:40

It grutte doel fan Letitia de Jong op it wrâldkampioenskip sprint yn Hamar wie in top 7-klassearring. Dat waard it krekt net, want se einige as achtste. Op de lêste dei ferlear se ien plak yn it klassemint, wêrtroch't se achtste waard yn it einklassemint. Dochs is se net bot teloarsteld.

Dat hat dermei te krijen dat de ritten neffens De Jong prima wiene. "Ik haw der alles út helle wat deryn siet, dit wykein. De konklúzje is dat ik tekoart sjit op de iepeningen. Dêr lit ik tefolle lizze", fertelt de Feanwâldster yn it Noarske Hamar.

In ferklearring foar de mindere iepeningen is der ek wol, sa seit De Jong. "Ik bin der it lêste jier hiel bot yn ferbettere, mar mei de wurgens fan in lang seizoen sjochst dat dat it earste is wat by dy weigiet. It is in sprinttoernoai, dan giet it om de iepening en dan is it gewoan spitich foar my."

It ferskil mei it WK sprint fan ferline jier is wol grut. Doe einige De Jong as trettjinde. "Doe ried ik ek echt net goed. No twa kear 1.14 en 38 leech. Mei dit puntetotaal hiest in tal jierren lyn op it poadium stien. De top is no sa breed. Gelokkich groei ik mei, mar dêrtroch bliuwt de posysje gelyk."

Letitia de Jong nei de 500 meter op it WK sprint yn Hamar - Foto: ANP, Vincent Jannink
(advertinsje)
(advertinsje)