Op & Ut: Dichtbondel, lêzingen, natoer en ek noch it waar

Alle sneonen binne yn it programma Op & Ut nijsgjirrige saken op radio en tv. Yn de útstjoering fan dizze wike kriget presintator Roelof Lousma besite fan Johan de Jong mei nijs út de natoer, Piet & Klaas oer wêr't se mei dwaande binne en noch folle mear.

Nijs út de natoer mei Johan de Jong:

Nijs út de natoer mei Johan de Jong
De strânljip is drok dwaande, der is ek wat mei de grutte wite reager en jimme hearre in nuver fûgellûd. Johan de Jong praat ús by.

Trije ferskillende konserten, mar dochs ien konsert:

Trije ferskillende konserten, mar dochs ien konsert
In kofjekonsert mei trije ferskillende konserten, mar dan dochs ien konsert. Hoe sit dat krekt? Sijke de Jong fan Folksdûnsgroep 'Fleurich yn 't rûn', Hiltsje Blumers fan koar 'Nim it sa 't is en plat derfoar' en Saapke de Groot fan Fanfare O.K.K. lizze út hoe it no krekt sit.

Waarman Piet Paulusma en túnman Klaas Piekstra komme ek del:

Piet Paulusma & Klaas Piekstra komme ek efkes lâns
It coronafirus hat hast elkenien yn de besnijing, mar Piet en Klaas binne der minder mei dwaande. Ek binne wy wol benijd oft it no better waar wurdt.

Anne Feddema komt mei in nagelnije dichtbondel:

Anne Feddema komt mei in splinternije dichtbondel:
Skriuwer, dichter en keunstner Anne Feddema hat op it stuit in tal eksposysjes te rinnen en komt ek noch mei in nije dichtbondel. Gelokkich hat Feddema ek tiid foar ús.

Willem Schoorstra oer syn lêzing yn Winaam:

Willem Schoorstra oer syn lêzing
Skriuwer en kollumnist Willem Schoorstra kenne we fan syn boeken oer Redbad en Grutte Pier. Hy wit ek in soad fan Skandinavyske skatten mei ringboargen, runestiennen en grêfheuvels. Safolle sels dat er dêr yn Winaam in lêzing oer jout.