Letitia de Jong moat tefreden wêze mei achtste plak op WK sprint

29 feb 2020 - 14:08

Letitia de Jong is as achtste einige op it wrâldkampioenskip sprint yn Hamar. Nei de earste dei stie De Jong sânde en stie alles hiel tichtby elkoar. Op de ôfslutende 1.000 meter waard se sneon yn in tiid fan 1.14,94 sânde.

De Feanwâldster ried in mindere tiid as freed, doe't se mei 1.14,85 fjirde waard op dizze ôfstân. Earder sneon wie De Jong as tsiende einige op de 500 meter. De Jong joech foarôf oan graach har bêste resultaat op in WK sprint ferbetterje te wollen. Dat wie it achtste plak. Mar dat slagget dus net.

Yn fergeliking mei freed ried de Amerikaanse Brittany Bowe sneon folle better, wêrtroch't se De Jong noch foarby gien is yn it klassemint. Miho Takagi waard wrâldkampioene. De Japanse einige foar har lângenoat Nao Kodaira. Tredde waard Bowe. Jutta Leerdam wie de bêste Nederlânse, se waard fyfde. Jorien Ter Mors einige as sânde.

It klassemint fan it WK sprint wurdt opmakke nei de 500 en 1000 meter op freed en de 500 en 1000 meter op sneon.

Foto: ANP
Trefwurden: 
WK sprint Letitia de Jong Hamar
(advertinsje)
(advertinsje)