Sven Kramer start WK allround mei njoggentjinde plak op 500 meter

Sven Kramer moat yn de efterfolging nei de earste ôfstân fan it wrâldkampioenskip allround. Op de 500 meter kaam Kramer yn 37,49 net fierder as it njoggentjinde plak. Konkurrinten as Patrick Roest (sânde yn 36,52) en Sverre Lunde Pedersen (fyfde yn 36,37) pakten fuortendaliks in grutte foarsprong op Kramer.
© ANP
Al yn de fjirde rit moast de rider fan team Jumbo-Visma oan de bak. Oan syn Kanadeeske tsjinstanner Jordan Belchos hie Kramer net in soad. Nei't er oer de finish kaam, like er net tefreden te wêzen mei de útslach. Pedersen hie yn rit trije al in folle rappere tiid delset.
Nei Kramer rieden ek Roest en Jan Blokhuijsen ûnder syn tiid. Roest waard sânde mei 36,52. Blokhuijsen waard achtste mei 36,64. Kramer hat hast tsien sekonden efterstân op Roest foar de 5000 meter, dy't letter sneon riden wurdt.