Ireen Wüst docht goede saken mei fjirde plak op 500 meter yn Hamar

29 feb 2020 - 12:26

Ireen Wüst hat in goede slach slein op de earste ôfstân op it wrâldkampioenskip allround. Se waard yn Hamar fjirde op de 500 meter mei in tiid fan 38,96. Antoinette de Jong waard tolfde mei in tiid fan 39,39.

Foto: ANP

De 500 meter waard wûn troch Karolina Bosiek út Poalen mei in tiid fan 38,76. De Japanse Nana Takagi waard twadde mei 38,85. Wüst pakt mei it fjirde plak 1,34 sekonden op Martina Sáblíková út Tsjechië, dy't yn Hamar har titel ferdigenet.

De froulju ride letter op sneon noch de 3000 meter. De manlju, mei Sven Kramer, ride de 500 en de 5000 meter.

(advertinsje)
(advertinsje)