Brân yn Dokkumer Nije Silen lôget wer op

29 feb 2020 - 11:57

De brân by twa wenningen en kafee De Dream oan de Sylsterwei yn Dokkumer Nije Silen is sneontemoarn wer oplôge. De brânwacht hie de brân gau ûnder kontrôle.

De brân ûntstie sneon opnij troch de enoarme fjoerbelesting fan freedtejûn. "Dat kinst nea útkrije. It siet tusken it plafond en it is in trijedûbel plafond", fertelt Albert Hoof fan brânwacht Kollum. "Der hat wierskynlik noch in bytsje yn sitten en mei dizze wyn dan kinst der op wachtsje." De brânwacht hie de brân gau ûnder kontrole en hat it plafond slope moatten om nije brân foar te kommen.

De brân ûntstie freedtejûn yn in auto fan it merk Porsche ûnder in carport flakby de wenningen en it kafee. Om 23.30 oere hinne melde de brânwacht dat it fjoer ûnder kontrôle wie. De brânwacht fan Kollum is yn de nacht teplak bleaun om nei te blussen, mar de flammen lôgen moarns dochs wer op.

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Der binne gjin minsken ferwûne rekke. Wol moasten de minsken dy't byit kafee wenje ûnderdak krije by Restaurant Herberg de Pater. De bewenners fan de huzen neist kafee De Dream koene net werom nei hûs. De oare bewenners ha nachts wol thús slept.

Hoe't de auto yn de brân flein is, is noch net bekend. Mooglik waard de akku fan de auto opladen en ûntstie der koartsluting. It ûndersyk dêrnei is no dwaande.

Albert Hoof fan brânwacht Kollum oer de brân

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
(advertinsje)
(advertinsje)