Letitia de Jong wurdt tsiende op 500 meter yn Hamar en sakket yn klassemint

29 feb 2020 - 11:38

Letitia de Jong is sneon tsiende wurden op de twadde 500 meter by it wrâldkampioenskip sprint yn Noarwegen. Dêrmei stiet se nei trije fan de fjouwer ôfstannen njoggende.

Foto: ANP

De Jong ried yn Hamar presys deselde tiid as freed: 38,18. Se is yn it klassemint sakke fan it sânde nei it njoggende plak. In poadiumplak like freed noch helber, no wurdt dat wol hiel dreech.

Nao Kodaira wûn de 500 meter, krekt foar Miho Takagi. De Japanners stean ek earste en twadde yn it klassemint: Takagi earste, Kodaira twadde.

Tusken 13.10 en 13.50 oere is de lêste ôfstân, de 1.000 meter. Sneon is ek de earste dei fan it allroundtoernoai.

(advertinsje)
(advertinsje)