Eigener skûtsje Grutte Pier spant koart pleit oan tsjin âld-eigener

29 feb 2020 - 11:18

De nije eigener fan it skûtsje Grutte Pier, Catrinus Sandstra fan Boalsert, wol dat Jelle Los skipper wurdt op syn skûtsje. Mar fanwege in klausule yn it keapkontrakt kin dat net. Sandstra spant dêrom in koart pleit oan tsjin âld-eigener Sikke Heerschop.

It skûtsje Grutte Pier - Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

It skûtsje Grutte Piet hat jierren yn hannen west fan Sikke Heerschop. De bruorren Delmer en Jelle Los sylden fan 2002 oant 2011 op it skûtsje, dêr't se yn 2010 kampioen fan de IFKS mei waarden.

Kettingbetingst

In saaklik skeel tusken de eigener en de bruorren Los rûn yn 2011 sa heech op dat Heerschop alle kontakt mei harren ferbruts en hy kontraktueel, yn in saneamde 'kettingbetingst', fêstlei dat nimmen fan de famylje Los ea wer in stap op it skûtsje sette mei. In kettingbetingst is in ferplichting yn in keapkontrakt om in bepaalde ôfspraak ek op te lizzen oan lettere keapers.

Mocht de klausule oertrêden wurde, dan stiet dêr in boete op fan 2.500 euro de oertrêding. Heerschop hat oanjûn dat hy ek seker ta hanthavening oergean sil: "Ik ha de betingst der net foar neat opsetten." It jild sil hy skinke oan in goed doel.

Hân oer it hert

Catrinus Sandstra wie op 'e hichte fan de betingst doe't hy it skûtsje ôfrûne neijier kocht fan Lucas Bouma. Bouma sylde fan 2012 oant 2019 mei Grutte Pier yn de IFKS. Sandstra wol dochs ien fan de bruorren Los, nammentlik Jelle Los, as skipper op syn skûtsje hawwe.

Hy hat Heerschop frege oft hy net mei de hân oer it hert strike wol en de betingst der ôfhelje kin, mar dêr hat Heerschop gjin earen nei. Sandstra hat no in koart pleit oankundige om de betingst der ôf te krijen. Heerschop sjocht dizze en eventueel oare prosedueres mei fertrouwen yn 'e mjitte.

Ynskriuwing IFKS

Snein is de lêste dei dat skippers harren ynskriuwe kinne foar it IFKS-kampioenskip yn augustus. Mocht dat net slagje, dan is der noch in útrin fan 14 dagen mooglik, mar wurdt der in boete oplein fan 150 euro.

(advertinsje)
(advertinsje)