Resinsje: De persoanlike en yntime tentoanstelling 'WaterWereld'

29 feb 2020 - 10:28

Jopie Huisman groeide op yn Warkum, oan it wetter fan de Holle Mar. Hy gong faak te fiskjen of te poeren, en hy skildere wat hy fielde by it wetter. Yn de persoanlike en yntime tentoanstelling 'WaterWereld' lit it Jopie Huisman Museum yn Warkum sjen hoe't net allinnich Jopie, mar ek oare keunstners ferbûn binne mei it Fryske wetter.

Boatsje mei op de achtergrûn it projeksjeskerm mei fûgels. - Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

Yn de seal hingje skilderijen fan Marije Bouman (de iennichste froulike keunstner hjir), Gerrit Benner, Ids Wiersma, Tjibbe Hooghiemstra, Willem van Althuis, Jan van der Kooi, Christiaan Kuitwaard, en noch safolle mear bekende nammen. En net te ferjitten Jopie sels. Syn tekeningen, skilderijen en akwarels binne natuerlik en stevich troch it wurk fan de oaren hinne weefd. As in fisknet.

Twadde natuer

It skilderjen wie Jopie syn twadde natuer. It fiskjen syn earste, kinst wol sizze. "'s Nachts ga ik nog wel eens peuren. Die trillingen als er een paling aan bijt, dat simpele van een stok met een draadje, een kuit wormen en geen haak: wie zou dat ooit uitgevonden hebben? Volgens de menselijke wet is het niet geoorloofd, maar ik heb nergens in de bijbel gelezen: 'Gij zult niet peuren'."

Jopie Huisman - Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

De ynterviews mei Jopie Huisman (1922-2000) binne fol fan sokke moaie útspraken. Hy wie de bêste pr-man fan syn eigen wurk. Begûn as foddeboer en âld-izerhanneler, in man dy't kontakt hie mei oaren. Syn keunst, dy't oer gewoane minsken gie, fersterke dat noch mear. Hy joech tekeningen fuort, minsken skreaune him bewûnderjende brieven. No noch komme der besikers by it museum mei persoanlike oantinkens oan Jopie.

Tekening fan Jopie Huisman fan himsels yn syn boatsje. - Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

De iensumheid dy't de skilder ek nedich hie, fûn hy op it wetter. "Ik voel me gelukkig, elke dag weer. Het enige wat ik nodig heb is mijn shagje, m'n bootje en m'n hengel."

Ek de oare keunstners fertelle hoe wichtich wetter is foar harren. Mei de audiotour kinst lústerje nei de keunstners sels. Bygelyks nei Jan Snijder: "Dit werk is geïnspireerd op Kroon's Polders op Vlieland, waar ik heel veel kom. De mooiste plek op aarde."

Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

Lûd spilet ek in rol by dizze byldzjende keunst. De ferhalen fan de keunstners, de stilte fan de seal dy't folle wurdt mei it lûd fan tsjirpende fûgels. As besiker waanst dy oan de wetterkant. De kleuren fan reid en wetter, it rûzjen fan in pear wylgen.

It wettergefoel wurdt noch fersterke troch projeksjes fan weachjes op de flier, feroarsake troch in lytse twirre. Yn it midden fan de seal stiet in boatsje. In prachtich byld, en ek in noflik bankje om even sitten te gean en de keunst om dy hinne waar te nimmen.

Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

It gefoel dat dizze tentoanstelling 'WaterWereld' opropt, is rêst en yntimiteit. It wurd 'sereen' komt yn my op. De keunst giet oer wetter: helder en klear, trochsichtich. Soms skynt it swart, mar massyf is it net. Tagelyk sjochst de loft boppe it wetter, it waar dat der oankomt. It lân dat leech leit, yn Fryslân tichteby.

Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

De ferhalen fan de keunstners binne werkenber en soms ek oandwaanlik. Yn Fryslân is hast elk ommers opgroeid mei it wetter. Miskien net as fisker of skipper, al wie it mar by de sleat achter hûs.

Tjibbe Hooghiemstra: "Water is een plek in mijn hoofd. Het vaart als het ware door mijn hoofd." Hy fertelt hoe't it skilderij 'Blau' (2016) weromgrypt op bylden út syn jeugd, hoe't hy de sleatten tûzenen kearen sjoen hat. "De bladeren op het water." En foardat it te nostalgysk wurdt, seit Tjibbe: "Maar als het werk er is, heeft het met die beelden uit mijn jeugd eigenlijk niets meer te maken."

De tentoanstelling 'WaterWereld' yn it Jopie Huisman Museum yn Warkum duorret oant 3 jannewaris 2021. Troch it jier hinne binne der aktiviteiten as workshops, ekskurzjes, fartochtsjes en temajûnen.

(advertinsje)
(advertinsje)