Frou mishannele yn Ljouwerter hoarekasaak

In jonge frou is freedtejûn mishannele yn in hoarekasaak oan de Tweebaksmarkt yn Ljouwert. Nei in diskusje krige de frou ynienen in kopstjit fan in man.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
It slachtoffer hat oanjefte dien fan mishanneling. De plysje hat de fertochte, in 52-jierrige Ljouwerter, oanhâlden foar swiere mishanneling.