Kollum: "Reinbôge"

"It is hjoed 29 febrewaris. In ekstra dei yn it jier dy't yn it jier 46 foar Kristus troch Julius Caesar ynsteld is. Se kamen derachter dat de kalinder 80 dagen út it spoar rûn en dus ha se dat bysteld troch yn ien kear trije skrikkelmoannen troch te fieren.
Ferdinand de Jong © Omrop Fryslân
De Toan fan Ferdinand de Jong
Sjoch, dat binne nochris maatregels dy't de skiednisboeken helje. Soks soe tsjintwurdich trije moannen langer ergernis oer de Amerikaanske foarferkiezings betsjutte. Dus, bliid dat se doe yn Rome trochpakt ha en we hjoed-de-dei mar ien ekstra dei mei dy miljoenen kostjende poppekast konfrontearre wurde.
It earste ljipaai op nijjiersdei, ek in reële mooglikheid as de Pontifex Maximus doe destiids net yngrypt hie. No waarmet de ierde sa fluch op dat we dat miskien noch wolris belibje sille, mar normaal besjoen soe dat net sa wêze. Miskien hie de Alvestêdetocht dan yn oktober ferriden wurden. Allegearre saken dêr't Julius in stokje foar stutsen hat.
Caesar syn earste foarnamme wie Gaius, mar dy wurdt net folle brûkt. Fonetysk sil dat wol in reden ha. Syn berekkeningen wienen trouwens net hielendal korrekt, yn 1582 hat paus Gregorius XIII mei it ynfieren fan de Gregoriaanske kalinder dêr foargoed in ein oan makke.
Skrikkeldei. Even koart, witte jim wêr't dy namme weikomt? Yn de Midsiuwen bestie it wurd 'scricken'. Dat kinne je fertale as: mei grutte stappen rinne. De Britten, dy't taalkundich altyd al krekt wat ynventiver binne, neame it leap day. Sprongdei. Jim sille ergens yn jim omjouwing grif immen kenne dy't op in skrikkeldei berne is en dus mar ien kear yn de fjouwer jier echt syn of har jierdei hat. It skynt dat guon wurkjouwers harren personiel op skrikkeldei net hoege te beteljen, mar oft dat sa is, wit ik net.
Foar de emansipaasje fan de frou is skrikkeldei in hiele wichtige. Der is in Skotske leginde út 1288 dy't ik jim net ûnthâlde wol. It giet oer de fraach oft je mei in oar trouwe wolle. Dy fraach waard tradisjoneel troch de man oan de frou steld. Dêr hie in ploech Skotske froulju (terjochte) skjin har nocht fan. Se besleaten om op skrikkeldei 29 febrewaris de rollen om te draaien. Sy fregen de man dêr't se fan dreamden, net oarsom. De taheakke dat se dan 'krekt as de manlju op de knibbels gean', lit ik mar foar wat it is.
Dat der noch in soad te winnen falt is helder, sjoch mar nei de reklame fan Specsavers. De tradisjonele oansykpatroanen fan de man mei it doaske dêr't in ring yn sit, wurde ús noch alle dagen op de telefyzje toand.
It sil my earlik sein woarst wêze. Oft de man de frou freget, of de frou de man, of in frou in frou freget, de man in man, se moatte mar lekker dwaan wat se net litte kinne. Yn myn neiste omjouwing ha ik genôch leed en ellinde sjoen en meimakke om te witten dat der gjin flagge helpe sil om de foaroardielen dy't der binne út de wrâld te helpen. Dat sil dochs echt út de minsken sels komme moatte.
Hiel earlik sein: Ik bin bang dat dy reinbôgeflagge yn guon gefallen earder kontraproduktyf wurket. Miskien ha we dochs mear ferlet fan trije moannen skrikkeldei, om it goede wurk fan dy Skotske froulju in breed ferfolch te jaan."