Busbouwer donearret tûzenen euro's oan Jeugdfûns Sport Fryslân

29 feb 2020 - 07:44

It Jeugdfûns Sport Fryslân hat 25.000 euro krigen út in spesjaal fûns fan busbouwer VDL op It Hearrenfean. Dat fûns is seis jier ferlyn oprjochte, mei as doel it stypjen fan maatskiplike projekten op it mêd fan soarch en wolwêzen.

Foto: VDL Groep

Yn earste ynstânsje stipe VDL Foundation foaral inisjativen yn Limboarch, omdat dêr yn Born it grutte autofabryk fan VDL Nedcar stiet. De lêste jierren komme ek projekten yn oare parten fan it lân yn de beneaming foar in bydrage.

Yn Fryslân kinne sa'n 11.000 bern net meidwaan oan sport, omdat harren âlden dat net betelje kinne. Yn dat gefal kinne se in berop dwaan op it Jeugdfûns. Mei de bydrage fan it spesjale fûns fan VDL kinne sa'n 100 bern holpen wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)