FIDEO: Henk Hospes: “Ik wurd noch altyd better as coach”

Henk Hospes makket dit wykein op 63-jierrige leeftiid syn debút op it WK allround yn Hamar. Net as reedrider fansels, mar as coach. Foar it Gewest Fryslân is Hospes as coach fan Melissa Wijfje en Sanneke de Neeling mei nei Noarwegen. Wijfje docht mei oan it WK allround, De Neeling is reserve foar it WK sprint. Mei Henk Hospes sjogge we yn Hamar foarút nei it toernoai.
FIDEO: Henk Hospes: “Ik wurd noch altyd better as coach”