Twa hanthaveners Ljouwert bedrige mei de dea

28 feb 2020 - 23:32

Twa hanthaveners dy't freed in auto ta stilstân brochten yn it sintrum fan Ljouwert, binne dêrby troch in passant bedrige mei de dea. De hanthavening seit dat der gjin oanlieding wie foar de bedriging. Nei it foarfal besochten de hanthaveners de man dy't bedrige oan te hâlden.

Foto: Toezicht Leeuwarden

De fertochte rûn fuort en brûkte in strjitte fierderop geweld tsjin twa oare hanthaveners. Ferskate ienheden wiene al ûnderweis en koene de man in skoftke letter mei geweld oanhâlde. Om't der mear as ien saak tsjin de fertochte rint, is de man oerbrocht nei it sellekompleks en wurdt er foarlaat oan de rjochter-kommissaris.

(advertinsje)
(advertinsje)