Cambuur wint, konkurrinsje ferspilet punten: "We steane der geweldich foar"

28 feb 2020 - 23:25

It gie allegear net hiel ienfâldich, mar Sportklup Cambuur is wer in stap tichter by promoasje nei de earedifyzje. De ploech fan Henk de Jong wûn thús mei 4-2 en rint út op in grut diel fan de konkurrinsje. "We ha gewoan wûn fan in goede tsjinstanner", sei De Jong. "En de konkurrinsje, op De Graafschap nei, lit punten lizze. We steane der geweldich foar."

Trainer Henk de Jong:

De waarsomstannichheden yn Ljouwert makken it net maklik, sei de trainer fan de Ljouwerters. "Dit wie sa lestich. It waaide sa hurd en der foel ek noch snie. It is sa lestich mei de wyn, we wiene gewoan ûnderkuolle yn it skoft. Ik ha it noch noait sa meimakke."

Yn it skoft krigen de spilers fan Cambuur jassen oan. "Robert Mühren sei tsjin my: 'Trainer, ik krijg het niet meer warm.' Ast sjochst wat we dan opbringe koene yn de twadde helte, dat jout my safolle foldwaning."

Al net de alderrapsten

Beide ploegen hiene te krijen mei de kjeld, mar De Jong tinkt dat Jong PSV it better oan koe. We binne al net de alderrapsten en dan wurdst ek nochris stiif troch de kjeld. Dan bist net yn it foardiel tsjin dy rappe mantsjes fan PSV."

Yn it skoft brocht Henk de Jong middenfjilder Jamie Jacobs it fjild yn. Dêrtroch skode Michael Breij nei de rjochterkant. Beide spilers skoarden nei it skoft. "It wie myn gefoel dat we wat feroarje moasten. Der moast wat gebeure." De winst soarge foar ferromming by De Jong. "Excelsior út, NEC út, Almere City út, dizze wedstriid: se wiene allegear muoilik. Mar we winne wol! En dan bist goed dwaande."

In normale weersomstandigheden zou-ie over zijn gegaan, maar nu pakte de wind 'm en waaide de bal zo het doel in.

Jamie Jacobs oer syn goal

Jacobs wie de earste kompetysjehelte geregeld fan grutte wearde foar Cambuur, mei omdat er maklik goals makke. De ôfrûne wiken moast Cambuur it sûnder him dwaan, omdat er blessearre wie. Tsjin Jong PSV makke er syn rentree en hy skoarde direkt, op kurieuze wize. "Ik stond even met de handen in het haar! Ik dacht, deze bal moet erin. Dus ik schoot, maar de bal ging via de handen van de keeper de lucht in. In normale weersomstandigheden zou-ie over zijn gegaan, maar nu pakte de wind 'm en waaide de bal zo het doel in."

Jamie Jacobs:

Mei dy goal kaam Cambuur op 3-2. Dêrfoar hiene de Ljouwerters it dreech. "Dat hebben we dit seizoen al vaker gehad", seit Jacobs. "Dan komen we 1-0 voor en daarna verzwakken we wat. We zijn wat minder scherp dan in de eerste twintig minuten. De tweede helft geven we weer gas en dan pakken we het op. Zo kunnen we de wedstrijd alsnog binnenslepen."

Race om promoasje

Dat slagge ek no wer. En dus hâlde de Ljouwerters in goed gefoel oer oan de wedstriid, hielendal sjoen nei de resultaten fan de konkurrinsje. "Het was niet onze allerbeste wedstrijd, maar we hebben wel gewoon 4-2 gewonnen en we zijn weer twee punten uitgelopen op Volendam. Dat is hartstikke lekker in de race om promotie."

Want dat de Ljouwerters der goed foarsteane yn de striid om promoasje, dat is wol wis. "We staan elf punten voor, we zijn in 90% van de wedstrijden beter dan de tegenstander, dus dan verwacht ik ook dat we dat door kunnen zetten in de laatste tien wedstrijden. Dat verdient deze club ook."

(advertinsje)
(advertinsje)