SC Hearrenfean wol takom wike nije haadsponsor presintearje

28 feb 2020 - 22:37

Sportklup Hearrenfean wol takom wike om de wedstriid tsjin Ajax hinne, op sneon 7 maart, in nije haadsponsor presintearje. Dat befêstigje boarnen om de klup hinne. De klup is op it stuit yn petear mei in kandidaat-haadsponsor. Foarsitter Cees Roozemond wol der neat oer sizze.

Foto: www.orange-pictures.nl

Hearrenfean sit yntusken it hiele seizoen al sûnder haadsponsor. Op it shirt stiet no KiKa, fan de stichting Kinderen Kankervrij. Ferline jier sei it sinnepanielebedriuw GroenLeven it sponsorskip op. Hearrenfean joech earder al oan hiel fier te wêzen mei in nije haadsponsor út Fjetnam, mar dat gong doe net troch.

Roozemond fertelde earder dat er op syn minst 750.000 euro it seizoen ha woe fan in nije haadsponsor.

(advertinsje)
(advertinsje)